Peloten froulju runde 2

De twadde en ek gelyk ien nei letste runde fan it peloten foar de froulju is moandei 18 july ferspyle op it fjild fan Mantgum. Hoe is dit ofrun?

Lang gers, hurde wyn.. It wurke net yn it foardiel foar de froulju fan Mantgum. In soad fouten soarchen derfoar dat de froulju fan Deinum de hiele tiid in earst as twa foar bliuwe koenen. Faak wienen der mooglikheden om lyk te meitsjen, mar dit misleare oant 5 - 4 steeds. Fanof 6 - 4 moasten de froulju echter oan’e bak, want noch ris sa’n soad earsten fuort jaan en de striid wie ferlern. Derom waard der efkes oansetten en pakten Baukje, Ilse, Anke en Ant hun earsten op rij. Sa koe de wedstryd alsnog winnend ofsletten wurde mei 8- 6. Yn de oare wedstryd wie Winsum oan de winnende han. Sy wunen mei 8 - 5 fan Littens. In foutsje yn it ferlach fan foarche wike wie dat Deinum fan Winsum wun hie. Dit wie net sa. De stand per heden is dus no as folget: 1. Winsum 8 + 8 foar en 3 + 5 tsjin 2. Mantgum 8 + 8 foar en 6 + 6 tsjin 3. Littens 6 + 5 foar en 8 + 8 tsjin 4. Deinum 3 + 6 foar en 8 8 8 tsjin. Oare wike sawol de manlju as de froulju om 19.00 yn Winsum. Dat is de letste runde en der wurde ek de priizen útrikt. Komt dus allen te sjen!

Geplaatst op 19 July 2011